Seksy

Hiel earlik moat ik bekenne dat ik – neffens my lykas wol mear mannen – net de oare kant út sjoch as ik yn dit simmerske waar by froulju foarsichtich in lyts bytsje kant fan harren ûnderguod sjoch ferskinen; ik mei dêr wol oer, ik fyn dat sels wol seksy….

#15 Konsintraasje

Ik seach him al fanút de fierte oankommen, hy fytste mei syn smartphone yn’e hân. Alle kearen wer sa’n trije tellen it each op de tillefoan en dan hie der de fjirde tel efkes tiid om te sjen as hy noch wol yn it rjochte spoar siet. Yn rap tempo…

#14 Mantsje

Ik stie út it raam te sjen en seach in auto stopjen. It duorre in skoftsje en doe kaam der stadichoan in âld mantsje út, hy strompele hiel krebintich nei de doar fan de winkel; oan de iene hân de stok dêr’t hy op steunt, yn de oare hân in…

#13 Reaksje

In man komt op strjitte by my. “Ik haw heart dat dyn mem siik is, hoe is’t mei har?” Sûnder it antwurd ȏf te wachtsjen wol der noch wat witte: “soe se wier net wer better kinne? Hja heare ommers wolris fan ‘second opinion’, dan geane se nei Amsterdam…” By ús mem is…

#12 Fiskje

It wie hast iterstiid en ik hie wol nocht oan in hearinkje. By de fiskwinkel seach ik krekt in klant nei binnen ta gean en doe’t ik de doar iepene om binnen te stappen, seach ik wol dat ik de fjirde klant wie, wylst der tsjinwurdich mar trije yn meie….

#11 Boadskippen

Foarige wike bin ik efkes mei west om boadskippen te heljen foar in âldere frou dy’t der eins net mear út doart. Ik bin der wier fan skrokken sa benaud as dy minsken binne foar dat corona-firus : fuort neidat de doar iepen giet, docht sy fiif stappen efterút, it…

Karantêne

“Lang zal ze leven in de gloria…” Wy binne efter yn’e tún as wy foar op’e dyk de fleurige klanken fan in trompet spiljen hearre. Rap rinne wy nei foaren: der is aksje yn ús buert dêr’t al in oantal wiken sa goed as neat te belibjen falt. In buorfrou…

Floara

“Witst wat echt sûn is?”, sa krige ik as ynformaasje mei fan de grienteboer neidat ik in pear ûnskes soerkoal besteld hie. “In pear skepkes rouwe soerkoal, hiel goed foar bygelyks dyn termfloara.” No haw ik der eins gjin flau benul fan hoe’t it steld is mei myn termfloara, mar…

Reis

Myn hiele struktuer fan ‘e dei leit yn’t hûndert troch al die rigels rûnom de corona-krisis: alle aktiviteiten dêr’t ik wol frijwillich oan wurkje binne annuleard, sa mar efkes in kopke kofje helje skynt net mear te kinnen en in praatsje op strjitte al hielendal net mear. De earste wiken…

Praatsje

“Meie wy hjir net mear mei inoar prate mem?!”, flústere sy wylst sy wat angstich om har hinne seach. It famke fan fjouwer jier wie al in pear wike thús fan skoalle en wist wol in lyts bytsje dat der yn de wrâld wat spile dat hiel grut wie en der net sa bêst…