#42 Kadootsje

Jo koade wurdt brûkt op in nij tastel, bisto mei myn koades oan’e gong? Is myn nije telefoan der?”, sa wurdt der fan ûnderen roppen. Yndie is har nije telefoan in oerke lyn ôflevere en dizze soe ik hurd efkes ynstallearje salang as sy fuort wie en dan as kadootsje ynpakke en as ferrassing in fuortendaliks-klear tastel oerhandigje. In hiel gedoch, dat ynstallearjen en dat kostet nochal wat tiid, mar gelokkich hie ik in back-up makke en wist ik ferskate koades wol om yn te fieren.

Mar by dizze iene aksje wurde in ferifikaasje frege om sa by de eigener fan it spul nei te gean as hy of sy it der wol mei iens is. Dit is fansels in perfekte manier fan befeiligjen, mar sa kinst nea foar in ferrassinkje soargje. Noh ja, ik hie it pakpapier der al hast omhinne, dus dizze ferrassing wie wol sa’n bytsje slagge.