#48 Toet-toet

Toeterjende automobilisten dy binne meastentiids allinnich mar hastich en hawwe neat oars as kwea yn’e sin. Dêrom lûkt it kabaal myn oandacht ek net en sjoch ik faaks sels de oare kant út. Mar somtiden sjoch ik tidens myn moarns kuier in fleurich entûsjast swaaiende jonge mefrou efter it stjoer sitten en dan fyn ik it wol wer hiel aardich, myn hiele dei is dan goed.

Hiel faak bart it dat ik wol sjoch dat der hiel freonlik swaaid wurd, mar de helte fan de tiid kin ik net sjen wa’t it is en de auto kin ik ek net altyd te plak bringe. Dan sit ik de hiele dei mar te tinken: wa soe dat no west ha en út en troch kin ik der sels net iens fan sliepe. In berjochtsje fan ‘seachst my wol’ soe dêrom wol aardich wêze, swaaie wy dan sûnder te toeterjen noch in kear.