Tûzend

Net mear as tûzend’, sa jout de #hashtag oan fan de rubryk Samar-in-momint-yn-tfean dy’t ik regelmjittich meitsje en ik siet my okkerdeis ris ôf te freegjen wannear ik no einliks ris oan dy tûzend ta wêze soe, it sil dochs hast ris wêze nei sa’n twa jier skriuwen.

Doe bin ik al de publiseare artikels begong te nûmerjen, want ik bin ien dy’t krekt witte wol hoe’t it sit. Nei in jûne op’e rige sette foel it oantal my dochs wol in bytsje tsjin: ik kaam noch gjin iens oan twahûndertfyftich ta! Tsja, ek net hiel nuver as ik útrekkenje dat ik mar op hûndert kom as ik alle wiken twa momintsjes publisearje soe, dat giet net sa rûch.

Dan haw ik noch wol in pear stikjes te gean, sa betocht ik my, want dy tûzend, dy sil ik helje, ek al soe’t allinnich wêze om de #hashtag te ferslaan!