It wie in waarme simmerjûn doe’t ik nei de kursus fytste. Foar de weromreis hie ik dochs myn trui mar meinaam, it soe wol wat ôfkuolje. Healwei de kursus moast ik efkes nei de fyts om de trui binnen te heljen, it wie begûn te reinen.
Doe’t alle kennis oer reanimaasje wer opfrist wie, spielde it bûten. Fan de kursuslieders krigen wy in kopke kofje oanbean. Wy mochten wol wat langer bliuwe, wachtsje oant de bui oer wie. Mar dat koe noch wol in oere duorje en ik wie skjin oanein: ik woe nei hús!
It koe my dan ek neat skele, ik bin op’e fyts stapt en ha hiel hurd fytst fanôf it yndustryterrein. Mar al op De Leijen wie ik dweiltrochwiet. Thús trof ik myn frou by de doar, werom fan in kuierke en ek wiet oant himd. Nei in waarme dûs koene wy der wol om laitsje.