“Ja hjer, wy falle wer yn’e prizen!” In jongeman is op de boppeste ferdjipping fan in appartemint dat leech helle wurde moat en konstatearret dat de waskmasine dy’t sy meinimme sille foar de kringloopwinkel ien fan it swierste soad is. Puffend en steunend binne de mannen efkes letter dwaande om it apparaat by de earste trap del te krijen.
“Pfffttt, dit is wier it swierste merk!”, werhellet de jonge. Syn maat lûkt him neat oan fan dit kleien en tilt rêstich troch. As de mannen de earste trap hân hawwe, is der efkes tiid om út te blazen. “Dit is wier it swierste merk dat der bestiet!”
Nei efkes trochpakken stiet it apparaat op’e begeane grûn en kin it yn de frachtwein laden wurde foar transport. Wat foar merk it ek west hat, it apparaat is der tydens it tillen net lichter fan wurden, mar it wie wol de swierste.