#48 Toet-toet

Toeterjende automobilisten dy binne meastentiids allinnich mar hastich en hawwe neat oars as kwea yn’e sin. Dêrom lûkt it kabaal myn oandacht ek net en sjoch ik faaks sels de oare kant út. Mar somtiden sjoch ik tidens myn moarns kuier in fleurich entûsjast swaaiende jonge mefrou efter it stjoer…

#47 Aardbeismaak

Mei in jongedame dy’t by in drogist wurket, stean ik yn it doarp efkes by te praten. Sy fertelt oer in âldere man dy’t wy beiden wol kinne dy’t eartiids alris by har yn’e winkel kaam en op lûde toan kondooms mei ierdbeismaak bestelde, gewoan om har te sjokkearjen. Fansels…

#46 Swierste

“Ja hjer, wy falle wer yn’e prizen!” In jongeman is op de boppeste ferdjipping fan in appartemint dat leech helle wurde moat en konstatearret dat de waskmasine dy’t sy meinimme sille foar de kringloopwinkel ien fan it swierste soad is. Puffend en steunend binne de mannen efkes letter dwaande om…

#045 Drave yn it greidelân

“Sy hawwe in gâns te pakken!” In oantal froulju steane te sjen nei in stik of acht kowbisten dy’t yn in lân neist de Feanster feart hiel ticht by mekoar nochal wat heisa steane te meitsjen. Eltsenien wol wol yngripe mar hoe? Ik beslút om it lân yn te gean…

#044 | Euro95

Wy moasten fuort mei de auto en ik soe wol efkes de benzinetank fol goaie. “Wat moat dêr ek alwer yn, Euro95?”, frege ik oan myn opdrachtjouwster. Sy sjocht my oan as sjocht se wetter yn brân stean. De lêste tiid hawwe wy nochal te krijen mei deminte minsken en…

#43 | Dweiltrochwiet

It wie in waarme simmerjûn doe’t ik nei de kursus fytste. Foar de weromreis hie ik dochs myn trui mar meinaam, it soe wol wat ôfkuolje. Healwei de kursus moast ik efkes nei de fyts om de trui binnen te heljen, it wie begûn te reinen. Doe’t alle kennis oer…

#42 Kadootsje

“Jo koade wurdt brûkt op in nij tastel, bisto mei myn koades oan’e gong? Is myn nije telefoan der?”, sa wurdt der fan ûnderen roppen. Yndie is har nije telefoan in oerke lyn ôflevere en dizze soe ik hurd efkes ynstallearje salang as sy fuort wie en dan as kadootsje…

Sjoelblokje

De sjoelbak wie omfallen tidens it skjinmeitsjen en hie dêrby aardich skea oprûn. Dizze bak stie dan ek net op in hiele handige lokaasje – op’e sliepkeamer efter de doar – mar dat is wol in plakje wêr’t hy net ien yn it paad stiet. De blokjes leinen troch de…

#40 Gelûdsje

Der koe wol in telefoan oergean, sa tocht ik earst, mar it stees mar werheljende rideltsje bleaun mar trochgean en trochgean. Dan sil it wol in kompjûterspultsje wêze of sa, begûn ik te tinken tidens myn wurksumheden yn de tún. Ik koe net rjocht trasearje wêr’t it wei kaam, want…

Aaikes

Oeps, ik bin boppe yn’e badkeamer dwaande as ik my betink dat ik niiskrekt aaikes op it fjoer set haw. Sûnder derby nij te tinken bin ik dêrby wei run en no haw ik gjin flau benul hoefolle minuten as dat lyn is. Rap gien ik wer nei ûnderen en…