Oeps, ik bin boppe yn’e badkeamer dwaande as ik my betink dat ik niiskrekt aaikes op it fjoer set haw. Sûnder derby nij te tinken bin ik dêrby wei run en no haw ik gjin flau benul hoefolle minuten as dat lyn is. Rap gien ik wer nei ûnderen en lit de trije minuten yn gean dy’t noadich binne om in hearlik sêft kôke aaike te krijen.
No bliuw ik beneden en lês yntusken wat yn’e krante. Trije minuten letter is de operaasje klear en ferwachtsje ik dat de aaikes troch myn tiidsflater fêst wol wat hurder kôke wêze sille as oars. Ik skeakelje it alarm út en sil de aaikes út it wetter helje, mar dan sjoch ik dat ik de aaien der net iens yn dien haw. Skodholjend helje ik farske nije aaikes út de kuolkast en doch se yn it pantsje. No bliuw ik der mar efkes by.