Memmetaal

It Memoriam dat ik skriuwe woe, hie ik makke yn it Frysk, myn memmetaal. De sitaten dy’t der yn foarkamen, de emoasjes, yn alles soe ik my it bêst yn it Frysk útdrukke kinne. Doe’t de dei fan it foardragen stees mar tichter by kaam, wie der dochs twivel. Der…

Bak ha?

It is fiif oere as de belle by ús foardoar giet en dat is hiel faak de tiid foar kollektanten dus ik nim alfêst wat jild mei nei de doar. Mar der stiet gjin kreaze kollektant mar in grauwe en suterige keardel yn wurkklean: “Jo moat in bak ha?!!” Efter…

#54 Froulju

Sommige froulju begjinne by harren aktiviteiten yn’e hús mear as ien en twa kear op in dei samar te praten, en ast dan fregest wat se krekt sein hawwe dan is it antwurd faak: ‘ah neat jong, ik praat wat yn mysels.’ Dan probearrest har praten wat te negearjen sadatst…

Fleskes

‘Wat silsto mei al dy fleskes’, sa waard oan Nynke regelmjittich nijsgjirrich frege neidat sy op Facebook in oprop dien hie om kofjemolkefleskes foar har te bewarjen en der ek al regelmjittich in pûdsje mei dy dingen by ús brocht wie of oan de doar hong. ‘Ik gean in workshop…

Wikseltruuk

Nei in aardich eintsje kuierjen rûnom Earnewâld wie der yn de lêste kilometer noch in stikje wetter dat oerstutsen wurde moast. Foar ien euro per persoan wie der in pontsje dat ús oersette koe, mar op it boardsje stie hiel dúdlik dat wy kontant betelje moasten. Dat is in hiele…

Ienrjochtingsferkear

“It is hjir ienrichting hjer!” In ferûntweardige autorider set syn auto in bytsje dwers op De Kolk by de krusing mei de Groningerstraat en draait syn raampke iepen om dizze boadskip oer te bringen. De âldere mefrou foar wa’t it boadskip bestimd is, skrikt der suver fan. “Oeh hea, dêr…

Tûzend

‘Net mear as tûzend’, sa jout de #hashtag oan fan de rubryk Samar-in-momint-yn-tfean dy’t ik regelmjittich meitsje en ik siet my okkerdeis ris ôf te freegjen wannear ik no einliks ris oan dy tûzend ta wêze soe, it sil dochs hast ris wêze nei sa’n twa jier skriuwen. Doe bin…

Rubrykje

Sels haw ik gjin abonnemint op in krante, mar út en troch mei ik wol graach ris troch de Volkskrant blêderje, as ik bygelyks efkes by in brasserie op in terraske sit mei in bakje kofje. Fuortendaliks op de foarpagina werkende ik fannewike myn eigen lytse rubrykje mei 150 wurden…

#48 Toet-toet

Toeterjende automobilisten dy binne meastentiids allinnich mar hastich en hawwe neat oars as kwea yn’e sin. Dêrom lûkt it kabaal myn oandacht ek net en sjoch ik faaks sels de oare kant út. Mar somtiden sjoch ik tidens myn moarns kuier in fleurich entûsjast swaaiende jonge mefrou efter it stjoer…

#47 Aardbeismaak

Mei in jongedame dy’t by in drogist wurket, stean ik yn it doarp efkes by te praten. Sy fertelt oer in âldere man dy’t wy beiden wol kinne dy’t eartiids alris by har yn’e winkel kaam en op lûde toan kondooms mei ierdbeismaak bestelde, gewoan om har te sjokkearjen. Fansels…