“Wolsto de matte fuortoan wer rjocht lizze asto deryn of derút giest?!” Yn de fraach liket hast wat ferwitends te klinken, mar somtiden kinne jo diskusje better net oan gean. Ik bin der lykwols wis fan dat ik dizze matte net skeef lis.
De tiid dy’t dernei komt, tink ik der lykwols om en lis de matte sels wer rjocht as ik ’m skeef lizzen sjoch, mar bin der no wol hielendal fan oertsjûge dat ik net de oarsaak fan it probleem bin.
“Sorry hjer”, sa krij ik in skoftke letter te hearren. “Ik haw no wol sjoen wa’t it docht.” Us kat is sadanich groeit dat sy net mear troch it lûkje past. Sy moat dan efkes ôfsette om der troch te kommen, en dan sjit it matsje fan it plak. Soene wy de kat op dieet krije of moat it lûk grutter om it matsje rjocht te hâlden?