Nijs

Foar it nijs út’e omjouwing stiet myn radio regelmjittich ôfstimd op Omrop Fryslân. Ik fyn it noflik om it nijs yn myn eigen heitetaal te belústerjen. It duorret lykwols meastentiids net hiel lang foardat ik wer kies foar in oare nijsstjoerder.

Yn it earste plak fyn ik it hielendal neat dat earst al sa’n trije kear in oersicht fan it nijs komt foardat it úteinlik ferteld wurdt, de grutste oanlieding om te kiezen foar in oare stjoerder is lykwols de meastentiids flauwe grapkes fan de presintatoaren.

Mear as ien en twa kear haw ik my ôffrege: ‘is dit no it nijs wat meidield wurd of giet it om it grapke wêr’t de presintatoaren sels it meast om laitsje?’ Dan druk ik al gau wer nei Radio1, dat ik noch altyd as grutte broer sjoch. Neffens my kin Omrop Fryslân groeie yn harkers as sy harren mear rjochtsje op it nijs.

Scroll naar boven