Hast elke moarntiid kinne wy in oantal farske aaikes by ús piken út it hok wei helje. Fan dy skattige lytskes, fjouwer minuutjsjes siede dan binne se klear, dan hawwe wy hearlik sachtseane aaikes. Dêr hâlde wy fan.
Fannemoarn hie ik de aaikes opset en wie de keuken efkes útgong. Underweis yn’e hûs betocht ik my dat ik yn de tuskentiid de klean wol oan dwaan koe en sûnder dat ik it yn de gaten hie begûn ik ek mei it ynskeakeljen fan de kompjûter yn myn wurkkeamer. Ik wie al wat oan it wurk doe’t de aaikes my ynienen wer yn’t sin kamen.
De fjouwer minuutjsjes soenen no grif wol oer wêze, dus ik hoegde gjin hast mear te meitsjen om ûnder te kommen en ferwachte sels al sa’n bytsje ûntplofte aaien yn it sturtsjepantsje. Der wie lykwols neat oan’e hân. Allinnich de aaikes wiene dit kear aardich hurdsean.