Yochert

Wolst efkes sjen nei de yochert? Neffens my doocht dat net hielendal mear.” Ik pak de grutte pot fol mei mei de dikke wyte floeistof út de kuolkastdoar en it earste dat ik betinke kin is om it spul mar ris flink troch inoar te skodzjen.

Ik pak de pot yn myn rjochterhân en draai dizze krêftich yn koarte slach hinnen en wer. Fuortdaliks nei de earste slach blykt lykwols dat de deksel der net sa stevich op sit mei as gefolch dat dizze de keuken yn fljocht. In flinke lading yochert komt der efteroan.

Ik haw my krekt oanklaaid en stean klear om fuort te gean, dat ik krij hjir wol in bytsje de balen fan. Yn het earste plak sit ek myn klean ûnder de yochert, mar folle slimmer is dat it spul fan de muorre rint, op de doarkes fan de kastjes sit en ja… wêr net?

Scroll naar boven