Kuier

“Ah, de New Balance 886,” sa werkent de ferkeaper fuortendaliks de kuierskuon dy’t ik oan ha en oan ferfanging ta binne. “In klassiker.” Myn betinksel om de âlden yn te leverjen en mei krekt deselde wer fuort te gean, wurdt hjirmei fuort fan tafel fage.

Myn skuon binne minstens tsien jier âld en skjin oanein. Dat betsjut net dat ik der safolle op rûn haw, mar mear dat ik der te lang mei wachte haw om nije te keapjen. Gelokkich binne der genôch oare skuon en fyn ik al gau in ferfanger foar myn klassiker. Dizze skoech hat wer folle mear stevichheid en sjoen nei it âlde wie ik dêr wol oan ta.

As de frekwinsje fan myn kuiertochten sa bliuwt as op dit stuit, kin ik better net wer tsien jier wachtsje mei ferfanging, mar dan tink ik oer in jier as fiif wol wer yn’e skuonwinkel te stean.

Scroll naar boven