Pike fange

De pyk siet dúdlik net sa lekker yn har fel, sy stie wat tenearslein yn in hoekje, by de oare piken wei. Oan har bealchsein koene wy wol sjen: hjir doocht wat net. En dus moast it bist efkes fangt wurde. No, dan giet it der om wei yn it…

Naaie

It luske fan de ôfdrûchdoek wie skuort dus de doek woe net mear hingje en lei op’e grûn. Eartiids gong ik mei dit soarte saken nei mem of frege ik Nynke om der mei oan de slach te gean, mar – sa tocht ik no – dit moat ik dochs…

Gedachteleas

Efkes en boadskipke hjir, in boadskipke dêr, tassen thús bringe en wer nei de folgjende winkel om ynkeapen. Neist ús iten en drinken, it wurk en wat oare fêste patroanen, sjocht ús libben der eins sa wol sa’n bytsje út en kinne wy dit bestean ek hast wol op de…

Wetter foar de dokter

Al in tydsje haw ik de yndruk dat ik der ’s nachts faak út moat om wat kwyt te wurden en ek giet it plassen de lêste tiid behoarlik dreech. Omdat hja wolris hearre fan mannen op leeftiid dy’t wolris kwaaltsjes krije, haw ik ek mar in ôfspraak makke by…

Betelje

“Hier nie met pin kunne betale hoor, apparaat ies kapoet”, sa krij ik te hearren fan de man efter de baly as hy myn reparearre skuon út it rek wei socht hat. Dêr stean ik dan by de skuonmakker, kompleet mei bankpas, mar sûnder jild en dus krij ik myn…

Koade rôze

Wy soene efkes in dei nei de sauna, mar de KNMI hie in soad snie foarspeld mei in stoarmeftige wyn. Sniebuien, wynfleagen en it koe wolris glêd wurde op’e dyk en derom wie der de koade giel ôfjûn foar it ferkear. Tsja, wat dogge jo dan, sa stiene wy te…

Fytske

De fyts delsette oan it ein fan de kuiertocht, dan ride nei it begjinpunt en dêr de auto parkearje. Sa is myn plan om dêr tusken it 283 kilometer lange alvestêdepaad te kuierjen, en dat liket ek aardich te slagjen as ik yn Ljouwert de earste etappe begjin. Dat wurdt…

Freonlike stim

“Beste klant…” Der binne fan dy supermerken dêr’t in freonlike stim fertelt hokfoar kassas der iepen of ticht geane. Der stie in aardich lange rige foar nûmer ien en sa wie ik wol aardich gau ut’e ried doe’t nûmer trije iepen gong en de man foar my begûn syn karre…

Waskmasine

Mei in piiptoantsje en in koade jout ús waskmasine oan fierdere tsjinsten te wegerjen. It iennichste dat ik betinke kin is om de leveransier mar te skiljen. Dizze monteur stiet de oare dei al foar de doar, dus dat is moai genôch. De masine is noch gjin jier âld, dus…

Stoarmskea

fan los sittende dakpannen fernamen wy neat en sa like de stoarmen wol aardich oer ús hinne te lûken