Ferkeard ferbûn

Triii-iiing! It tiidstip fan dit telefoantsje docht my sa’n bytsje betinken wa’t der skilje kin en derom nim ik hiel entousiast op. “Mei Dick!” It bliuwt in skoftke stil oan’e oare kant. “Mei waaaa???!!!” Ik hear in âldere frou en neam in bytsje rêstiger myn namme.

Opnij is it efkes stil oan de oare kant en dan hear ik wat fierder fuort in manljusstim. “Ferkeard ferbûn.” De frou werhellet de rie fan har man – dy’t ik yn myn belibben ûnder útsakke yn in stoel sitten sjoch fan efter in krante. “Dan bin ik ferkeard ferbûn, sorry hear.”

“Hinderet neat”, reagearje ik freonlik in bytsje laitsjend. Hoe lang is it al net lyn dat minsken troch in sintrale ferbûn wurden mei oaren en hoe lang hawwe wy dêrnei net sein dat wy ferkeard draaid hiene. It soe my net fernuverje dat dizze minsken myn nûmer noch nûmerke foar nûmerke draait hawwe.