Personielstekoart

“Hawwe jimme ek stoomcleaners?”, Yn de boumerk freegje ik dit oan de jongeman dy’t op dizze ôfdieling wurket. – “Uuh nee, die hebben we op het moment niet”, antwurdet hy, lykas de lêste krektlyn ferkocht is en der moarntemoarn wer in pallet fol yn de winkel stiet.

Dan binne wy gau klear, sa konkludearje ik, mar ik doch in pear stappen fierder de winkel yn en dan sjoch ik dochs wier in oantal stoomcleaners stean. Ik freegje fierder mar neat, want ik leau earder dat dizze wurknimmer net iens wit wat in stoomcleaner is dan dat hy my der wat mear ynformaasje oer jaan kin.

By in oare boumerk freegje ik itselde. De jongeman hjir wiest my fuortdaliks de júste wei in kin my der fan alles oer fertelle. Ek yn de boumerken hearst blykber in tekoart oan personiel, mar somtiden tink ik ek in gebrek oan kennis fan saken.

Scroll naar boven