Fytsmakker

“En… kin ik myn fyts oan’e ein fan de moarn wer ophelje?” De klant hat krekt ferteld wat der sa’n bytsje oan syn fyts mankearret en de fytsmakker hat notysjes makke. “No, dat kin ik net mei wissichheid sizze”, is syn antwurd. “It is drok en wy binne op ‘t stuit ek mar mei syn beiden…” It is simmer, it is fakânsjetiid en elkenien wol dizze dagen graach op’e fyts bûten wêze

De klant fynt it net dúdlik genôch in telefoantsje te krijen as syn fyts wer klear is. “Mar wy geane fannemiddei te fytsen!”, sa probearret hy wat mear druk te jaan, mar de fytsmakker sjocht om him hinne yn syn wurkplak nei al de twatsjillers dy’t der noch steane te wachtsjen op in reparaasje of in beurtsje.

Om net stikelich te wurden freget hy mar net werom as de man syn fyts dan net juster efkes brocht hie.

Scroll naar boven