Skjinne ûnderbroek

Yn in hiele ûnnoazele diskusje op WhatsApp hiene twa freonen dield dat de ien yn it ferline alris in smoarge ûnderbroek nei de oar smiten hie by Back to the Sixties. As dit no in wier ferhaal is, litte wy hjir mar yn it midden, it sloech wierskynlik nearne op.

Ik moast der oan werom tinke doe’t ik okkerdeis yn de klaaikeamer fan de sportskoalle ûntduts dat ik gjin skjinne ûnderbroek yn’e tas dien hie en ik fielde der eins ek net foar om nei it douchen wer in it smoarge en beswitte eksimplaar te stappen.

‘Witst wat’, sa sei ik tsjin mysels doe’t de klaaikeamer efkes leech wie en net ien der wat fan sizze koe. Ik stap gewoan mei de bleate kont yn de broek. Dat haw ik dien en sa bin ik nei hús fytst. Dêr haw ik mar al gau wer in skjinne ûnderbroek oan dien.