H&W

Oardel dei wiene sy der mei dwaande west, buorman H. en buorman W. fûnen dan ek dat sy wol in bierke fertsjinne hiene. De skutting stie der mar wat kreas by, sa koene sy wol wer in oantal jierren foarút.

In dei letter kaam der in mantsje om noch wat saken yn’e tún kreas te meitsjen en fansels krige dy op’e tiid in bakje kofje. “Hat dat bedriuw H&W skuttings dat putsje foar in wat skaplik priiske dien?”, frege de man oan buorman H., dy’t it boardsje H&W Skuttings noch net hingjen sjoen hie.

Buorman W. hie foar de grap dit boardsje ophong as oantinken oan de noflike gearwurking tusken de beide mannen. It klusmantsje frege him ôf werom as der sa lake wurde om syn fraach, mar doe’t dúdlik waard dat de helte fan it bedriuw tsjinoer him siet, koe der wol mei laitsje. It boardsje bliuwt moai hingjen.