Fytske

De fyts delsette oan it ein fan de kuiertocht, dan ride nei it begjinpunt en dêr de auto parkearje. Sa is myn plan om dêr tusken it 283 kilometer lange alvestêdepaad te kuierjen, en dat liket ek aardich te slagjen as ik yn Ljouwert de earste etappe begjin.

Dat wurdt al oars as ik sa’n fiif oeren letter yn Mantgum oankom en nei in moai skoftsje sykjen myn fyts net wer fine kin. Ik beslút om net yn panyk te reitsjen mar op de bus te stappen en dan letter mar yn’e auto te gean sykjen.

De bussjauffeur werkent myn omskriuwing fan kafee en bushalte wêr’t ik myn fyts delset haw, en dat jout wat hoop. Efkes letter sjoch ik de fyts yn Weidum stean, in doarpke fierderop oan deselde Hegedyk. Ik hie it navigaasjesysteem al sa’n bytsje de skuld jûn, mar haw it blykber sels wat te rom ynskat.