It famke fan’e betsjinning kaam by ús en sy hie wol sa’n kompjûterke by har om de bestelling op te nimmen, mar sy die oars net as útlizze hoe’t wy dat sels dwaan koenen mei ús tillefoan. Troch it scannen fan in QR-kode kinne wy de kaart besjen en opjaan wat wy haw wolle en dan soe it wol brocht wurde. Mar fansels, by my slagge dat wer net.
Gelokkich hienen wy noch in tastel mei sadat wy efkes letter mei in bakje kofje op it terras sieten. “Nee mynhear, jo hawwe in âld model, dat wurket net”, lei it famke út. Dêr wie ik it net mei iens: “net myn tastel is net by de tiid, jimme systeem moat oanpast wêze oan de klant.” Dêr hie it famke net it measte op te sizzen. Wy hawwe noch wol efkes mei har praat en sa wie it net allegearre kodebestelling.