VIP’s

Om ús festival in lyts bytsje te promoaten, hjir en der in praatsje te meitsjen en fansels om te genietsjen fan in hapke en in drankje, fertsjintwurdigden wy okkerdeis mei sy’n fjouweren ús organisaasje by de Midsimmermoeting fan de gemeente Achtkarspelen.

By de parkearromte stie in man yn in oranje festje en Johan liet it raam fan de auto sakje. “Wer binne jo fan?”, woe de man witte. “Wy binne fan de Feanster Music Night”, antwurde Johan gewichtich mar der wie hy net fan ûnder de yndruk. “Dit plak is allinnich foar VIP’s, mar goed, der komt dochs gjinien mear.”

Sa koene wy ús ferfiermiddel parkearje tusken de wethâlders en allegearre oare wichtige minsken en der passe wy as bestjoer fan muzykevenemint wol aardich tusken, sa gniisden wy. Op 1 oktober binne de wethâlders en oare wichtige minsken ek by ús wer wolkom as VIP by de Feanster Music Night.