Noh! Wêr is hy no?!’ Niiskrekt hie ik de leppel wêrmei ik – lykas as alle moarnen – in pear skeppen músly yn it skaaltsje skept haw, noch yn’e hannen. Ien momintsje haw ik it ritueel fan alle dagen trochbrutsen en ik bin yn’e war.
It hiele oanrjocht sykje ik twa kear bydel, sjoch op’e tafel, yn’e kuolkast… Ik sjoch om my hinne as der net in ûndogensk minske stiet dy’t him ferstoppe hat, mar meastentiids bin ik dat sels dus dat is it ek net. Uteinlik pak ik mar in oare leppel.
De oare dei pak ik wer in leppel út it laat, pak de pot mei músly út’e kast en… ja hear, dêryn fyn ik de leppel fan de dei derfoar. Ik haw stomwei de leppel yn’e pot set doe’t ik efkes wat oars gong dwaan. Gelokkich is it mystearje no oplost en de leppel wer te plak.