Trochpakke

It jout my dochs in hiel foldien gefoel hear, dat ôffinkjen fan allegearre lytse putsjes dy’t al hiel lang op in listje steane en dêr op ien of oare manier ek mar net fanôf komme. It echte listje is al lang kwytrekke en spûket allinnich mar út en troch by my troch de holle.

Fannewike hie ik sa’n dei dat ik tocht: ‘no sil it wêze!’ en sa bin ik ynienen drok oan de slach mei it ophingjen fan allegearre dingen dy’t ik alle hast dagen wol ris fersette moat, it fêstmeitsjen fan saken dy’t der altyd noch wat by hingje en ik fiel my suver al in hiele handige putsjeman

Mei myn ark en skroefmasine flean ik troch hûs en tún, ik reparearje alles wat los en fêst sit. En mar ôffinkje en mar trochpakke, ik krij der suver aardichheid oan. Hooplik bliuw ik entûsjast, earst mar flink trochpakke!

Scroll naar boven