Komplimintsje

“Wat hasto in moai huodsje!” De âldere man dy’t my dit komplemint jout sit op it bankje foar syn wenning op Toutenburg ûntspannen de sinnige Zomerfair te oersjen. Hy hat sels ek in huodsje op. Ik gean neist him sitten en meitsje in praatsje.

Hy fertelt my werom as hy hjir ferbliuwt en hjir eins wol graach wer wei wolle soe. Syn ferhaal grypt my oan. Dan kuieret myn Nynke – dy’t hjir wurket en de man as kliïnt kin – lâns en makket in praatsje mei him. “Wa wie dat?”, frege ik ûnskuldich as sy wer troch rint.

“O, dat wie ien fan de dokters”, leit hy út. “Ja… dy hat my ek wolris te pakken hân.” Hjir gean ik fierder net op yn, mar ik sjoch har ris nei en fertel him grutsk: “dat is myn frou!” Hy sjocht my oan en betinkt ’m net. “Tsjonge, dan hasto knap skoard!”

Scroll naar boven