Punten fan ôffallen

In oantal froulju diele alle sneontemoarns yn in berjochten-app harren gewicht om inoar te stimulearjen it oantal kilo’s sa leech mooglik te hâlden en as de skealwizer dochs de ferkearde kant op giet, inoar te bemoedigjen dêr wat oan te dwaan. Sy begripe inoar hielendal by it útstellen fan it…

Krêftige wurden

“En no is it út! Ik haw no myn nocht!” In mem stiet op het parkearterrein fan de supermerk foaroerbûge yn de auto op de efterbank in jonkje fêst te setten en it liket derop dat sy it net hielendal mei-inoar iens wurde kinne. Mem smyt der noch in oantal…

Sûnder pûdsje

Yn de tsiiswinkel hoech ik nea lang nei te tinken, meastentiids pak ik in kilo ‘mild belegen’ fan de planke en lis it op de toanbank. De tsiisboer kin my sa stadichoan wol. “Sûnder pûdsje hin?!” Al in hiel skoft lyn haw ik him útlein dat it pûdsje dat hy…

Kelderke

It wie in dream… It wetter stie heech, it kelderke yn de keuken stie al ûnder wetter, de wc-rôlen dreaune al yn’e rûnte. Ik soe wol efkes nei it túnhokje om in pompke op te heljen en sa it wetter wer fuort te pompen. Doe’t ik yn it hokje wie,…

Undogense steuring

Efkes in krantsje helje by skoanheit, dat doch ik wolris faker. Op dizze freedtemoarn wie der net ien yn de keamer, ik hearde dat der stofsûge wurde en seach om it hoekje yn’e hal. Skoanheit wie de sliepkeamer oan it sûgjen en koe ik it net litte om ûndogens de…

Beamkes roaie

Om ien oere soene sy der wêze, mar om tweintich foar ienen stiet der al in grutte kraan foar de doar en is in jongeman mei in grutte seachmasine en in helm op klear om te seagjen. Yn ien beweging hapt de kraan it boppeste stik fan de beam derôf…

Korona

It begûn mei in wat snotterige noas en de oare dei fielde ik my net echt fit. Ik hong mar wat op de bank om en in slach om’e haven liet ik dizze twa dagen mar foar wat it is. Och – sa tocht ik – elk jier bin ik…

Opromje

By ús yn’e keuken stiet sa’n bakje op’e tafel mei ‘mail’ derop, foar de post dy’t wy bewarje en letter noch ris ynsjen moatte. Fanmoarn besjoch ik it bakje ris en fyn it der aardich útpûljend útsjen. Dêr moatte wy mar ris efkes in slach trochhinne. Wapene mei in bakje…

Myn fytske

“Kraks!”, sei myn fyts earne midden op De Kolk en doe hâlde it op. Noch in pear trapen koe ik dwaan, folle fierder as oan de fytsmakker kaam ik net. “De krukas is stik”, sa hearde ik hjir. “It kin net wer hiel.” Oe, dêr moast ik dochs wol efkes…

Oaljeboltsje

“Sille wy in oaljeboltsje hawwe?” Myn foarstel by it passearjen fan de kream wurdt fuortendaliks beäntwurde mei it fertraagjen fan it kuiertempo. – “Ja??” Grutte hoopfolle eagen sjogge my oan mar tagelyk hear ik ek alwer in stimke wat sizzen oer it minder iten en ôffallen wêr’t wy it okkerdeis…