Taalgebrûk

Is it ûnfatsoenlik om in petear mei frjemden yn it Frysk te begjinnen? Ik fyn dat net en sa lang as ik yn Fryslân bin, begjin ik dan ek yn’t Frysk. Tsja, wy wenje no ien kear yn Fryslân en ik haw myn memmetaal heech. Fansels skeakelje ik wol om as de oare persoan in oare taal sprekt.

De minsken dy’t ‘fatsoenlik’ binne, begjinne meastentiids yn it Nederlânsk en somtiden komme se der healwei it petear efter dat it ek wol yn it Frysk kind hie. Nee, myn taal bliuwt foarrang hâlden en oan it fuortbestean fan dizze moaie Fryske taal sil ik dan ek alles dwaan.

De diskusje of it no ûnfatsoenlik is of net hoecht net iens plak te finen: wy hawwe sels it rjocht om Frysk te sprekken, eat mei kneppelfreed of sa. Ik bedoel it yn elts gefal goed as ik sis: ‘hoi, hoe wiet no?’

Scroll naar boven