Skippybal

De wedstriid op de skippyballen, it wie in aardichheid om te sjen tusken de modellen fan de moadeshow troch. It is al gau dúdlik dat it net maklik is om op sa’n stuiterjend gefal sitten te bliuwen as it ek noch yn rap tempo moat oar in reade loper.

Foaral de jongerein litte harren keunsten sjen, mar as der dan op in gegeven momint frege wurdt om wat âldere dielnimmers, sjogge wy inoar efkes mei in glimpkje oan, dit is krekt wat foar ús, sille wy? Ik haw fuortdaliks wol nocht om de boel wer ris op stelten te setten, efkes gek dwaan.

Mar it antwurd is dúdlik: it moat mar net. “Doardest it net oan jong?”, sa frege ik him in pear dagen letter. – “No it sit sa”, krij ik as útlis. “Dy skippyballen kinne krekt hûndert kilo hawwe, en ik bin hûnderttrije.” Aha, no begryp ik it.

Scroll naar boven