Snotterich

Alle jierren as it waar wat omslacht, haw ik der wer in wykje lêst fan, dan is myn noas wat snotterich, moat ik hieltiten prúste en snút wol fiif bûsdoeken yn’t oere fol. Hiel ferfelend, foaral yn’e jûntiid as it sliepen net sa flot op gong komme wol, mar it giet altyd wol wer oer.

Der is noch nea ien west dy’t ’m hjir drok om makke hat, mar dit jier liket elkenien der benaud nei te sjen en wurdt my mear dan ik nedich fyn frege as ik gjin korona haw. Fansels haw ik ek al sa’n ûnnoflik fegerke fier yn’e noas hân, mar wie der neat oan’e hân.

Mei myn 53 jier hear ik boppedat samar ynienen by ‘in groep mei in grutter risiko’ en moat ik nei de dokter foar in prikje. Ik fyn dat mar neat, ik wurd mei myn eigen antystoffen ek wol wer better.

Scroll naar boven