Skjinne ôfwask

Werom hasto in ôfwaskboarstel yn’e ôfwaskmasine dien?” Foardat it apparaat ynskeakele wurd, wurdt der noch efkes kontrolearre as der miskien noch wat mear by kin. Ik sjoch in lyts bytsje ûnnoazel werom, ik bin noch út de tiid dat heit en mem de ôfwask thús diene mei de ôfwaskboarstel en in ôfdrûchdoek.

Ut en troch moasten wy de hannen ek wol ris út de mouwen stekke en wy hawwe dêrby leard dat de pannen sa no en dan wolris flink de boarstel oer de hûd krije meie, oars wurdt it spul ommers net skjin? Sa’n ienfâldige ôfwaskmasine kin dan wol hiel maklik wêze, mar de lauwe strieltsje sil it spul dochs net skjin krije?!

No krij ik de ûnnoazele blik tasmiten en derom lis ik mar út dat ik fyn dat de ôfwaskboarstel út en troch ek wolris in skjinmakkersbeurtsje haw mei, foaral as wy eat mei bolognese iten hawwe.

Scroll naar boven