Privacy

“Jo binne frou Reitsma? Jo hawwe om tsien oere in termûndersyk.” De assistinte tsjekt de gegevens dy’t yn har systeem steane mei de pasjintenkaart fan frou Reitsma. “Hawwe jo faak genôch nei it húske west?” No, dêr twivelet mefrou Reitsma noch in bytsje oan en derom giet se noch mar ris in kear.

“En jo binne…”, sa giet de assistinte fierder mei de man dy’t stean bliuwt. “It ûndersyk duorret sa’n trije kertier, hoe kin ik jo berikke as jo frou daalks klear is?” De man neamt kuerich syn 06-nûmer, syn frou giet dan mei de dokter mei.

Ik sit yn de wachtkeamer te wachtsjen op ien – wêrfan ik yn it kader fan de privacy de namme net neame sil – en hear al dizze gegevens. It bart wol faker dat ik yn medyske romten sit te wachtsjen en soks te hearen krij en freegje my ôf: wat is eins privacy?!