Foetsy

Myn telefoan dy brûk ik net om – sa’t ik om my hinne in hiel soad sjoch – tritich sintimeter efteroan te rinnen of fytsen. Meastentiids haw ik it apparaat yn’e bûse om sa no en dan ris in foto mei te meitsjen, in berjochtsje te stjoeren of in betellinkje te dwaan. As ik thús bin leit it altyd wol earne yn’e keuken, meastentiids op in fêst plak.

Mar fannewike is it tastel nearne te finen, ik bin it kwyt en kin sa net te kuierjen, betink ik my. Neidat ik fiif kear troch it hús west ha, nim ik in âld tasteltsje mei wêr’t ik foar in mooglik plaatsje.

By thúskomst skeakelje ik myn kompjûter yn om út te finen op hokker wize ik myn tastel werom fine kin, en dêr giet de telefoan: “Ik ha dyn telefoan ek al fûn! Yn myn tas, ik tocht dat it myn wurktelefoan wie.”