Manlju

“Manlju…!!!” Ik sit mei twa froulju oan’e kofjetafel, sy dogge harren beklach oer oarehelte en ik krij der dus ek aardich fan lâns. “Alle kearen wer lit myn man de ôfwaskboarstel op’e ynduksjeplaat lizze”, sa klaget de oare frou wêrop ik te hearren krij dat der by ús nei it ôfwaskjen ek altyd noch wol in plestik bakje op it oanrjocht stean bliuwt.

Dan kin ik my net mear ynhâlde en begjin hiel hurd te laitsjen. It is sa werkenber en blykber oeral gelyk. It is net it drama dat him oan my leit, mannen binne no ien kear krekt wat oars as de frou.

Wy besjogge de saken krekt wat oars of hawwe it somtiden net iens yn’e smizen. De skuon ûnder de tafel en de jas op’e stoel, dy moatte wy daalks ommers dochs wer oan hawwe? Manlju en froulju binne no ien kear net gelyk. Gelokkich mar!