“Ik haw in stroomprobleem…” It is moarns noch betiid as ik by de bakker bin en in telefoantsje krij fan de buorman. “Kinst efkes del komme?” No fansels wol ik dat wol, mar ik moat earst noch efkes myn farske bôle bestell
Wapene mei in spanningsiker tôgje ik efkes letter in hús fierderop om te hearren wat der krekt oan’e hân is. Mei myn ienjierrige MTS-oplieding en in hiel lyts bytsje wurkûnderfining by in ynstallateur fan rom tritich jier lyn, haw ik net safolle fertrouwen.
Steande by de meterkast kin ik oars net as fêststelle dat de ierdlekskeakeler der út leit en dat fuortdaliks wer docht as ik ’m ynskeakelje. Ik pak it systematysk oan en lûk yn de bykeuken alle stekkers der út, ierdlekskeakeler der wer yn en kom der dan al gau efter wat it probleem is en los it mei myn bytsje kennis sa doch noch op.