Lear fet

Wy sieten oan’e kofje en it ûnderwerp wie it Ot en Sien museum. Ien fan de oanwêzigen hie dêr noch in bernewein út it ferlien skonken. Der waard by ferteld dat de learkes wêr’t it hiele spul doedestiids yn hang wol wat byholpen wiene omdat it guod wat minder wurden wie.

“Net ûnderhâlden tink?!”, boldere in oanwêzige âldere man goed bedoeld mei syn rauwe stim. Om de frou in bytsje út de wyn te hâlden en ik sels ek net folle better wist, frege ik: “moat dat ûnderhâlden wurde dan?” – “Jawis-en-seker!”, boldere de man fierder en fertelde in hiel ferhaal oer it ynsmarren mei lear fet dat o saneedsaaklik wêze soe.

No, ik lústere fansels ynteressearre nei syn riddenaasje en doe’t ik thús kaam haw ik efkes sjoen hoe’t myn lear der út seach. Fuortendaliks haw ik lear fet ophelle en al myn learen skuon en riemen dermei ynsmard.