“Mikrofoan dûmny út ûnder it sjongen!!!” Ien fan it technysk team is der efkes in wykeintsje tuskenút op’e Veluwe en dizze snein dus net yn’t tsjerke, mar hy checkt mei Kerkdienstgemist al efkes as alles yn De Flambou wol wurket en online is.
De tekst is yn byld en it oargel spilet wol dus dat liket goed, mar ûnder it sjongen giet it net hielendal goed mei de mikrofoan foar yn’t tsjerke, want de predikant boldert der boppe oer hinne en dit kin wol folle moaier foar de thúsharkers. Der wurdt fuortdaliks in berjochtsje stjoert nei de tsjinstdwaande koster.
“Tank foar de tip”, antwurdet dizze en makket daalks de noadige skeakeling. “Ik tocht dat…”, en hy neamt dan wat technyske skeakelingen. “In goeie tsjinst fierder”, sa klinkt de groet efkes letter fan ôf de Veluwe. “Genietsje fan de eekhoorntjes”, groetet de koster wylst hy him wer rjochtet op de tsjinst.