“Wat hawwe wy der moai waar by net, sa betiid op’e moarn.” Under myn moarnskuier kom ik in doarpsbewenner tsjin dy’t syn twa hûnen útlit. Dy moat fansels efkes oan my snuffelje en dan moat hja efkes in praatsje meitsje. “Dat wie neffens my tsjin de ferwachtingen yn…”
“Ik ferwachtsje nea wat”, sa slach ik de diskusje oer dat gedoch altyd mar wer mei dy buienradar-app fuort del. “Dan kin it ek nea ôffalle.” Hy kin my gjin ûngelyk jaan.
Yn de middei docht it oars net as reinen. Wat der ferwachte wie foar waar wit ik net, mar ik gean no moai by ús efter hús op it terras ûnder de feranda sitten te lêzen. De temperatuer is goed, it sit droech, in bakje kofje der by… Wa docht my wat, myn kuierke haw ik fan’e moarn al makke, wat it waar daalks docht, sjogge wy dan wol wer.