Klappertoskje

202Klappertoskje_IMG_0571Ferline wike lei ik op in moarntiid efkes nei acht oere nei Omrop Fryslân te lústerjen. Hoewol ik hielendal gjin útslieper bin, fûn ik dat op dizze nijjiersmoarn wol efkes noflik: yn ‘e nacht hienen wy gesellich by de buorren sitten te boarreljen en wie it aardich letter wurden as dat wy dat wend wienen. Nynke Sietsma lies har kollum foar oer de nijjiersdûk, letter op ‘e dei.

Sy moast der net oan tinke om yn it iiskâlde wetter te springen en dêr koe ik har op dit tiidstip gjin ûngelyk yn jaan, mar dizze freelance sjoernaliste referearre har antipaty oan wat oars as dat ik dat die. Op de radio hearde ik har werom sjen nei de tiid dat sy foar swimles blaubekjend en klappertoskjend op ‘e kant stie fan it stienkâlde bûtenbad fan Surhústerfean.
No komt eltsenien dy’t wat negatyfs hat te sizzen oer swimbad Wettervlecke my as frijwilliger fan it Feanster iepenloftbad fuortdaliks al op ’t sear, en al hielendal as it al in hiel soad jierren net mear sa is dat it wetter hjir stienkâld is. It is nammentlik al fanôf 1990 dat de temperatuer nei 24 graden brocht is en as jo dêr noch by steane te klappertoskjen…
No is it fansels altiid al sa dat froulju it in stik kâlder haw dan mannen dat hawwe, mar ik begong dochs wat te rekkenjen hoe âld as sy dan wol ûngefear wêze moast om dit oantinken noch as sa’n traumatyske erfaring te sjen: dat moat dan yn elts gefal sa’n fjirtich jier lyn west hawwe. Hawar, wat docht it d’r ta? Oars net as dat alle harkers fan de omrop no tinke dat it witter fan Wettervlecke stienkâld is.
Dêrom soe ik dizze jongedame – want dat is se dochs noch wol as sy sa run de fjirtich jier is – graach ris útnoegje om fan ’t simmer ris nei Wettervlecke te kommen om in dûk te nimmen. Miskien snijt it mes oan twa kanten: sy kin sels fiele dat it wetter hjir lekker waarm is en dêr op ‘e radio wat oer fertelle, en wa wit komt sy ek noch oer har trauma hinne en kin by de kommende jierwiksel gewoan klappertoskjend meidwaan oan de nijjiersdûk.

Geef een reactie