Gatsje

In lekke fytsbân, dêr koe ik froeger thús al gau achtich mei rêde. Eins heart it plakken fan in fytsbân by de standert útrissing fan de opfieding, lykas it setten fan in kopke kofje en it skjinmeitsjen fan de wc. Foar dit soad putsjes draai ik myn hân dan ek net om, dêr rêd ik wol mei.

Dat doe moast de binnenbân der mar efkes út doe’t de bân plat stie en oppompen neat joech. It ammerke wetter derby om it gatsje op te sykjen, mar sels nei twa slaggen troch de amer koe ik gjin gatsje fine.

Doe hie ik gau myn nocht en haw ’m nei de fytsmakker brocht. In dei letter hie hy it putsje klear. Hy fertelde dat ek hy it gatsje net fine koe en der dêrom mar in nije binnenbân yn dien hat. Mei of sûnder gatsje, ik kin yn elts gefal wer fytse.

Scroll naar boven