Foutkoade

“O-ooh!” De lûden út de keuken klinke net hiel geunstich. Foar de ôfwaskmasine dy’t drok oan it wurk is, leit ien grutte bel mei skûm en wy sette it apparaat dan ek mar stil. It skjinmeitsjen fan fleskes mei sjippe hie dochs oars moatten, sa is de konklúzje.

As wy de masine leech helje en wer oan’e praat probearje te krijen, docht’r net folle oars as piipje; resette helpt neat en sels de oan- en útknop jout net folle útkomst. De foutkoade yn it display is i30 wat betsjut dat der wetter lekt hat en yn de hantlieding fine wy dêrby de ynstruksje: belje de monteur mar.

Dy kin pas oer seis wike en dêrom probearje wy it oars en krije it advys: lit it wetter mar ferdampe. Al in oantal dagen hawwe wy no de doar iepen stean en de föhn yn’e masine om dit proses wat te ferhastigjen.