Fleanende krystbeam

In hiel soad heiten en memmen moasten oardel dei nei de parsekonferinsjes fan de minister ynienen wer klearstean as skoalmaster of -juf. Dat dêr dochs hiel wat oars by komt sjen hat yn hiel wat húshâldens alwer bliken dien.

Net allinnich de hiele deistruktuer moat omgoait wurde, ek de rollen moat fan de ien op de oare dei hiel oars ferdield wurde. Al nei de earste thússkoalledei krigen wy it ferhaal te hearren fan in oars al sa leave mem dy’t hjoed efkes har geduld ferlear mei de thús studearjende bern.

“Sy woene mar net lústerje en harren opdrachten útfieren”, sa spuit sy har galle by ús. Sy sjocht werom op in heftige dei en utert har emoasjes nochris. “De krystbeam fleach by ús troch de keamer.” De bern wiene fan dy warskôging dochs wol wat stil wurden. In echte skoaljuf of -master hat fêst krekt wat mear geduld.