Fersprekke

Ja, ik sit dêr hiel goed te plak, it befalt my allegearre prima.” In kennis fan heit hie pas krektlyn heart dat hy ferhuze wie en sy makken efkes in praatsje. Sy troffen inoar yn de brasserie yn it doarp, wy sieten dêr mei syn allen foar in itentsje.

Foardat de kaart op tafel kaam, hiene wy al in buorrel hân en heit wie der al aardich fan oan it genietsjen. “Ja, ik ha no folle mear seksuele kontakten”, fertelde heit hiel entûsjast. Eins hie hy wat sizze wold oer de sosjale kontakten dy’t der no folle mear wiene as op it âlde adres yn it sintrum, mar de buorrel makke dat hy de wurden wat troch inoar helle.

De kennis seach earst wol wat nuver om har hinne, mar doe’t dúdlik waard dat it om in fersprekken gong, hawwe wy der mei syn allen wol hiel bot om lake.

Scroll naar boven