Foar in oantal putsjes om’e doar bin ik efkes yn’e boumerk. Wêr’t ik eins foar kom, dat is in nije foarried grint foar yn’e kattebak. Dizze is my te swier om troch de hiele winkel te tôgjen en derom set ik ’m fêst by de kassa del.
Dan nim ik myn papierke mei de winkel yn en gean op syk nei PVC-buizen en koppelingen, túnslang, nytsjes foar de nytmasine en dat soad fan saken. Efkes letter stean ik wer by de kassa en rekkenje de saken ôf en fyts nei hús.
As ik alwer yn’e buert fan it Torenplein bin, betink ik my dat ik de sek mei grint net op’e fyts haw. “Ik haw niiskrekt wat stean litten”, kundigje ik mysels oan. “Hawwe jo it stean litten of wiene jo it fergetten mei te nimmen?”, freget it famke efter de kassa. Hjir moat ik dochs wol efkes oer neitinke…