Fakânsje

“Hawwe jimme al fakânsjeplannen?” It bin fan dy praatsjes dy’t dizze perioade sa’n bytsje wer begjinne. Dit jier hawwe wy ek fakânsjeplannen, mar dat hat nochal wat fuotten yn ierde hân. Want foardat der wat boekt wurde kin, moat der fansels earst pland wurde tusken wurk en oare aktiviteiten troch.

En dy aktiviteiten, dêr stiet ús aginda aardich fol mei. “Nee! Dan kinne wy net!”, sa sei ik dan ek by de datum dy’t Nynke it meast geskikt fûn. “Dan hawwe wy ús foarstelling mei Daniël Lohues!” Mar hoe dúdlik ik ek protestearjen bleau, dy kaarten soenen wy wol wer kwyt reitsje en dy foarstelling soe wol troch gean.

Dat is fansels ek hielendal wier, mar dochs… alle kearen as ik in ferske fan Daniël Lohues hear of in kollum fan him lês tink ik wer: ferhip, it hie dochs oars moatten, dan binne wy net dêr mar op fakânsje.