“Witsto eins wol datsto corona hast?” In goeie bekende komt yn de supermerk laitsjend nei my ta mei dizze meidieling. Sy hat dit niiskrekt fan ien heart dy’t myn namme neamde en it allegearre hiel goed tinkt te witten.
Oan de iene kant moat ik hjir ek wol in bytsje om laitsje, mar oan de oare kant is het mar wat tryst dat der sa praat wurdt en dat minsken sa yn panyk reitsje dat sy as in gek begjinne te hamsterjen. Wy meitsje ús nearne drok om.
En om efkes werom te kommen op de fraach dy’t stelt waard yn’e winkel: as der ien is dy’t d’r hielendal wis fan wêze kin gjin corona ûnder de leden te hawwen, dan bin ik it wol. Omdat wy ferline wike mei in grutte groep út Israël werom kamen, bin ik troch de GGD test op corona en de útslach wie negatief!