Dame Blanche

Wy hiene okkerdeis oan it wetter in lunch hân mei de famylje, hiel ûntspannen boatsjes sjen op in terraske yn Earnewâld, mei inoar prate en genietsje fan de geneugten fan it libben. Mei syn seizen binne wy. It iten hat tige goed smakke. “As wy ek noch in neigerjocht hawwe wolle”, freget it famke dy’t ús tafel ôfrommet.

Allegearre bestelle wy in Dame Blanche, allinnich heit nimt in berne-iisko. In jongeman komt ús bestelling bringen. “Wa hie der in Dame Blanche?”, freget hy hiel freonlik. Myn skoansuster Sjaan hat wol aardich ûnderfining yn de hoareka en probearret te helpen. “Dat hiest better oarsom freegje kinnen.”

De jongeman knikt en mompelet wat mar liket it net te begripen. “En wat hat der mear in Dame Blanche?” Dat freget hy oant fiif kear ta. Dan bliuwt der in berne-iisko oer en hoecht hy net noch ris te freegjen foar wa’t dy is.