Efter de skermen

Betsjinje op ôfstân

“Wêr moat ik op rjochtsje Jelmer?”, freget Ineke Veenstra oan de jongeman dy’t efter de beamer sit. Sy wol graach it ferhaal dat sy fertelt yn dizze Connexiontsjinst stypje mei bylden út in presintaasje en sy hat al in oantal kearen frege as sy dit sels regelje kin mei in…

Ferskes yn’e hichte

“Werom dogge jimme dy ferskes altyd sa leech yn it skerm?” In âld en lyts froutsje út de gemeente komt mei dizze fraach by ien fan de beamergroep. “Der steane faak grutte minsken foar my en dan kin ik it net sjen…” “As jo dan twa banken nei foaren geane,…

By de tiid

De kompjûterman hat it der mar drok mei. Heal oktober is der in update by in bestjoeringssysteem en moat der by in hiel soad brûkers in nije kompjûter komme. De kompjûter fan’e tsjerke is der efkes foar in lytse reparaasje, mar skynt ek net mear hielendal by de tiid te…

Efter de skermen

Ferbining

Yn de tsjinst fan de startsnein is der aardich wat aksje foar it team efter de desk. Mikrofoanen wurde oars brûkt, der steane in soad ferskes op’e liturgy en Blaast de Bazuin jout in hiel oar byld as it tsjerke-oargel. In soad ôfwikseling, in soad wurk efter de desk: it…

Middenwei

It wie de hiele dei tropysk waarm west doe’t it team fan Connexion byinoar kaam foar in oerlis oer de tarieding fan de tsjinsten en de ûntwikkelingen derom hinne. It wie noch benaud waarm yn de plak fan gearkomst De Bining. “Litte wy bûten fergaderje”, sa wurdt der foarsteld en…

Efter de skermen

Spiksplinternij

De lektor wie noch mar kwealik útein set mei de skriftlêzing doe’t de beamerman ferskrikt om him hinne seach. De tekst dy’t hy mei de spiksplinternije beamer op it spiksplinternije skerm fertoane, kloppe net mei de tekst dy foarlêzen wurde en dan sit de beamerer of de lektor ferkeard. It…

Efter de skermen

Bysûnder

Yn it programma fan de Kerkenbeurs wie ek de mooglikheid om in rûnlieding te krijen troch it gebou wêr’t wy te gast wiene, de Bethel yn Drachten. No, dêr woene wy fansels wol efkes sjen, want hoe moai as wy it yn ús eigen gemeente ek foarinoar hawwe, buormans gers…

Efter de skermen

Kostersteam

De koster is sneins de earste en lêste persoan yn’e tsjerke. De ljochten moat oan, it gleske wetter foar de dûmny moat klearset wurde en dat binne noch mar in pear saken dy’t op harren wurklist steane. As dan efkes letter de beamer- en de kameraman binnen komme en harren…

Efter de skermen

Organisaasje

In jûntsje Soep & Sjoelen, dêr hat in aardich diel fan de gemeente har al mear as ien en twa kear mei fernuvere en yn de wannelgongen is dan ek al meardere kearen de fraach stelt as it net hast ris wer safier is. “Jawis”, sa antwurdet it organisearjende ferbiningsteam…

Efter de skermen

Klokliede

It gleske wetter dat foar de dûmny by de kânsel stean moat, stiet klear op de desk. Dit is it systeem fan ien fan de kosters om neat te ferjitten of te lang duorje te litten. Eksakt om healwei tsienen skeakelet hy de tsjerkeklok yn en rint nei foaren mei…