Fluch bakje

De ronkjende auto dy’t efterút op it hiem yndraait wie luts myn oandacht. Ik stie op fan myn burostoel en seach noch krekt it skaad fan in man mei in donkere jas en in muts op nei de glimmende bolide stowen. Hy tikke noch efkes op’e iepensteande efterklep dy’t dêrnei…

Apelflap

“Wat soe ik no nocht hawwe oan in hearlik waarme apelflap”, sa hear ik deselde stim sizzen dy’t ek witte faak resolute plannen hat oer ôffallen, minder ite, mear beweagje en dit soad fan saken. En dan is it op dizze reinige sneintemiddei yn novimber al gaueftich efkes in swiere…

Foutkoade

“O-ooh!” De lûden út de keuken klinke net hiel geunstich. Foar de ôfwaskmasine dy’t drok oan it wurk is, leit ien grutte bel mei skûm en wy sette it apparaat dan ek mar stil. It skjinmeitsjen fan fleskes mei sjippe hie dochs oars moatten, sa is de konklúzje. As wy…

Fan’e sokken

It is krekt foar healwei njoggenen as ik de doar út gean foar myn moarnskuier. De sinne skynt al aardich, it is hearlik droech waar. Fierderop hear ik in autodoar iepen gean en hastich wer ticht klappen. De auto start en fuortdaliks wurdt der in straal gas efterút jûn. Al…

Libbendige Stikjes

Myn skriuwsels diel ik net op myn side om skouderklopkes te krijen, ik doch dit foaral omdat ik skriuwen prachtich fyn en dit graach publisearje. Fansels fyn ik it wol noflik as ik út en troch in plomke krij en dat der hjir en dêr wat respons is, dat makket…

Posityf yn it waar sjen

“Brrr, wat is it smoarch waar net”, sa krimmenearre de âldere mefrou mei in grillich gesicht wylst sy de measte fochtigens fan har jas ôfkloppe by it taffeltsje neist my yn’t waarme kafee. – “Ja, hearlik hin”, sa probearre ik in positive draai te jaan oan it almar oanhâldende geëamel…