Efkes in tsjerkeradio ynstallearje by in bewenner fan ’t Suyderhuys, noch net sa lang lyn wie dit yn in pear tellen klear. Dan fertelde ik by de resepsje wêr’t ik hinne woe, dêr krige ik it keamernûmer en koe ik myn gong gean. Meastentiids krige ik by de bewenner dan wol en bakje kofje en hienen wy in praatsje.
Hjoeddei giet it krekt wat oars. Mei al dat gedoch rûnom korona is oardel meter en in mûlekapke net mear genôch. Sy wurkje dêr mei bubbels fan trije minsken en dêr pas ik net yn. Soe dizze bubbel útinoar barste as ien fan dizze trije minsken my no tsjin komt yn’e winkel of sa?
Hoe’t dit systeem krekt wurket mei dy bubbels, ik begryp it net. De tsjerkeradio krij ik sa yn elts gefal net oan’e praat en sa komt dit gemeentelid ek net wer yn de sa noadige evangelyske bubbel.